Us ferwachtingen fan Skylge - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Jan Stenekes - WaarBenJij.nu Us ferwachtingen fan Skylge - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Jan Stenekes - WaarBenJij.nu

Us ferwachtingen fan Skylge

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Jan

10 Juli 2008 | Nederland, Amsterdam

Beste minsken,
As earste wol ik jim betanke foar jim reaktjes. Prachtig! We binne bliid dat der sa'n soat minsken ús op dit avontoer folgje sille!
Ik ha my de lêste dagen, op advies van P.J.K. (lês P.K.K) my ferdjippe yn de minsken op Skylge, mar ek foaral de libbenswize fan de eilanders. Myn konklúsje: Núfer slag folk. Om disse konklúsje te ferklearjen sil ik dêr in lytse útlis oer jan. By disse útlis heare de tafoegde foto's, disse jout foar els in goed byld fan it libben op Skylge en ús byld fan de kommende trip!
Sa at jim al wisten stean de koffers pakt: Foar else dei 1 koffer per persoan. Dit ha wy infiert omdat we oars fiersten tefolle guot neinimme soene, want sa as elsenien wol wit: je nimme gau tefolle spullen mei op fekânsje! (foto 1)
Oer foto 2 kin ik koart wêze. Dit is in foto fan de fêste piloat fan Skylge Airport. Om ûndúdlike reden is disse piloat no net mear wurksem foar de Skylge - Harns fluchten. Wol is dudlik wurden dat syn soan de funksje oernaam hat. Dit wie de grutste reden om mei de boat te gean.
Skylge stiet ek bekind om syn mooie natoer en al it wyld wat der yn libbet. Nim de wylde Skylger flapflinter, as de drieste dravende drekpinguïn. Op foto 3 stiet de meast beruchte fan it hiele stel: De Katerosaurus. No ha wy it foardiel dat dit in grutte maar fan us kat Hippe is. Hippe is in folle neef fan disse Katerosaurus en de grutste oerienkomst is dat se beide net gau bang binne (Foto 4, Hippe).

Foar de rest sille wy ek us rêst pakke, en genietsje fan de mooie dingen fan Skylge, sa as in lekker ysje ite op West. (foto 5)

Sa earst mar wer foar hjoed!

Leafs Us

  • 14 Juli 2008 - 08:34

    Klaas:

    hey globetrotters

    machtig moai al dy ferhalen! bin hiel benijd nei de foto's. bin jim al by dy inheemse pop rocker wist? skynt in der ergens in kroegje te hawwen hearde fan oare backpackers op it Amelan.

  • 14 Juli 2008 - 20:23

    Baits:

    Hotskes! Wat in wylde bisten dêr.. Ik soe net te fier de see ynfleane, want ik ha heard dat dêr kwallibalen libje, somtiden lizze se te sinnebaden op it strân.. Geweldige reis tawinske!

  • 15 Juli 2008 - 12:08

    Dirk-Yde:

    Beste Jan, Lisanne en Marije,

    Mei freugde naam ik kennis fan jim plannen. Al skrik ik der wol wat fan dat it drekt hielendal rjochting it uterste puntje fan Fryslan giet. Mar ik wol dy fanut Australie fansels in prachtige wraldreis tawinskje.

    Op sa'n wraldreis is it makkelyk kontakt meitsjen mei saneamde medebackpackers. Dat kin it tige interessant meitsje, foaral yn de kroeg. Wol wol ik dy alfest warskogje foar de wat mindere kanten fan dit ferhaal. Lykas Dutsers dy't net witte wer't Nederland leit en foar reizgers dy't nei it hjearren fan it wurd Nederlan as reaksje hawwe: "Is that in Amsterdam? (...)

    Folle plesier en ferjit it pokersetsje net... Bin no al benijd nei dyn ferhalen!

    Fanut Perth,

    Dikke tut Dirk-Yde

  • 15 Juli 2008 - 12:52

    Sjoerd:

    Hoi fam. Stenekes,

    ik ha de eare hant om krekt noch even yn jimme selskip ferbliuwe te kinnen en sadwaande sjoen dat it boppesteande ferhaal net betocht, mar gewoan wier is! De foarkeamer stiet fol mei koffers en de katerosaurus tegearre mei Hippe fredich te koesen.
    It giet de goede kant op!

    Groetnis, Sjoerd.
    p.s. bytsje spitich dat nimmen wat sein hat oer S fan't O, dizze fint komt fansels net fan Skylge mar fan Apelân (even sjen hoe skerp as de lêzers binne).

  • 15 Juli 2008 - 15:31

    Wybrahim:

    Kinst efkes in pakje swiere Brandaris en reade Rizzla meinimme?

    Enne, ik wol my nergens mei bemoeie, mar begryp net dat je op san reis je bern meinimme..

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Jan

Foar in hiele wike nei Skylge ta. In goede reden om dit mei myn freonen te dielen.

Actief sinds 08 Juli 2008
Verslag gelezen: 318
Totaal aantal bezoekers 14263

Voorgaande reizen:

17 Juli 2008 - 26 Juli 2008

Mijn eerste reis

Landen bezocht: