Ik ga op reis en neem mee.... - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Jan Stenekes - WaarBenJij.nu Ik ga op reis en neem mee.... - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Jan Stenekes - WaarBenJij.nu

Ik ga op reis en neem mee....

Door: webmaster

Blijf op de hoogte en volg Jan

08 Juli 2008 | Nederland, Amsterdam

Hoi elsenien,
Miskien wisten jim it nog net, mar wy gean op reis! Moarn oer in wike giet it barren, we gean in wike lang nei Skylge ta! Ik ha op myn wurk betelle ferlof oanfrege en, sa as jim wol begrype, wie dat gjin inkel probleem. Sterker nog, ze seinen:"Jan bliuw mar salang fuort ast wolst. Foar dy tûzend oaren!"
Altyd goed om te hearen dat minsken wol in skofke sûnder je kinne!
Wy ha dus besletten om it der dan ek mar is goed fan te nimmen, en net minder as 7 hiele dagen nei Skylge ta te gean.
De tarieding is al yn folle gang. Sa ha wy alle ynintings al hân en stean de koffers al klear. De spanning wurd nog 7 dagen opfierd en dan sil de reis fan start gean. Ik sil jim goed op de hichte hâlde fan al ús belibbenissen!
Oant gau!

Tút Jan

  • 09 Juli 2008 - 20:39

    Tom:

    Hay die Jan.

    Wat moai!! Ik bin sa grutsk dat jim eindelik die stap nommen ha!! Jim hien it der in pear ier ferlien al oer dat jimme sa graach wat langer fuort wun, en no komt it der fan!!

    Hiel folle plezier en hald us oppe hichte fan jim avonturen!!

    Goeie reis!!

    Tom. (en natuulijk in dikke tut werom!)

  • 09 Juli 2008 - 22:24

    Sjoerd:

    Alderbêste Jan, Lisanne en Marije.

    Ik sil oan jimme tinke, noch mear as oars!
    Der binne in oantal saken wêr't rekken mei hâlden wurde moat op Skylge;
    # De Brandaris (hiel heech)
    # De Boskplaat (net ferdwale)
    # De Skotse Fjouwere (net fersûpe)
    # Sjoerd van't Oerd (net trochinoar te heljen mei Sjoerd van Beem)
    # De Noardsee (stille wetters ha djippe grûnen)

    Wa wit betink ik my letter dizze wike noch wat, dan hearst fan my!

    Groetnis, Sjoerd.

    p.s. hâld my ek op de hichte fan it groeiproses fan de sinneblom dy't lofts fan de 3e beam fan rjochts stiet!

  • 10 Juli 2008 - 06:14

    Antje:

    Hé broer,

    Ik fyn it prachich dat jimme it oanduorre. Ik fyn it al hiel spytich dat ik net by dit moaie momint oanwezich weze kin. Ik hie it graach mei jim diele wollen. Spytich genoch bin ik sels ek op reis mar dat falt wat yn it niet ast dit mei jimme avontoer (ik ha gjin frysk yn myn skoalpakket)fergelykest. Ik winskje jimme hiele moaie dagen ta, genietsje lekker fan alle toeristische plakjes dy't Sjoerd al beskreun hat! De boeren ha in grutte ynvloed op de mienskip en it lanskip fan skylge. It is mogelik om in buorkery te besikjen. Dit is miskien wol leuk foar jimme Marije.
    De hooivork is it lanbouw museum fan Skylge, seker in oanrieder! Groetnis dyn suske

  • 10 Juli 2008 - 07:38

    Hennie:

    it is in hiele ûndernimming, fansels wolle we jimme reis graach folgje, Ik hoopje dat it waar goed is wanneer de oertocht plak fine moat.

  • 10 Juli 2008 - 09:14

    Lútsen:

    Hast wol in lonely planet mei de highlights fan Skylge? Sa net dan kinst die fan my wol liene!

  • 10 Juli 2008 - 11:11

    Jorine:

    6 weken vakantie, de verveling is toegeslagen zeker!!!


  • 10 Juli 2008 - 11:24

    Simone :

    Vet stoer!!!

  • 10 Juli 2008 - 13:11

    TdB:

    Rookverbod in de natuur!

    Dit item verloopt op 01-08-2008.

    In verband met de aanhoudende droogte heeft het college na overleg met politie en brandweer besloten dat het vanaf heden streng verboden is te roken in of binnen een afstand van dertig meter van de bossen, op de heide, in de duinen en andere natuurgebieden van Terschelling.

    Dit verbod is ingesteld op grond van artikel 2.1.6.7 van de APV. Het college wijst er op dat het overtreden van dit verbod strafbaar is.


  • 10 Juli 2008 - 14:44

    Astrid:

    Sa kinne je sjen wêr in jûntsje gesellich sapkes drinke al net goed foar is. Sa wie it noch in idee, no sil it dan echt heve. Klasse hjer! :-)

  • 10 Juli 2008 - 16:50

    Dennis:

    Wat bist ok een eikel je!Laast mie toch niet i d steek toch??Wa mut dr nou voorin??

  • 10 Juli 2008 - 17:07

    PJ Kronemeijer:

    Ten earste bedankt dast ús dielgenoat makkest fan dyn wráldreis, en om mar efkes yn te stekken op it cultuurferhaal fan Sjoerd, hjir in pear wichtige tips wat de inheemse Terschellingse taal oanbelanget:

    Terschelling herbercht mar ljefst trije taalvariëteiten; yn it westen en easten wurde de Frieske dialekten Westers en Aasters sprutsen, terwyl men yn Midslán in Hollánsk dialekt sprekt, it Midsláns of Meslonzers, is te vergelykjen mei it Stédsfriesk.

    Troch de tanimmende ynfloed fan bútenóf (únder oare fan it toerisme) wurde de dialekten echter steeds mear ferdrongen troch it Nederlánsk, hoewol oan de westkant iets minder dan oan de oastkust.

    De oarspronklyke dialektverdieling is as folcht: it Westers wurd sprutsen yn it haadplak West-Terschelling; it Midslands yn Midsland, Hee, Horp, Kaart, Kinnum en Baaiduinen; it Aasters yn Seerijp, Landerum, Formerum, Lies, Hoorn en Oosterend.

    Foar jim Jan is it dus ferstandich om jim yn it Aasters fersteanber te meitsjen. Ik hoop dast dy hjir wol op foarbereid hest.

    Yn elts gefal: Moaie dagen Tawinske!

    Groetnis,

    Pieter Jan.

  • 10 Juli 2008 - 19:30

    Doutsen:

    Dit is buter by de fisk!

    Geniet derfan!


  • 11 Juli 2008 - 13:59

    Hinke:

    Hoi buren,
    Ik nim oan dat de buorfrou op jimme planten passen moat wylst jimme dizze fantastische reis meitsje. Misskien is hja wol thus dan kinsto it har freegje. Genietsje der lekker fan. Jim ha it ferstjinne.
    Groetnis fan (ja it echt noch sa) buorfrou Hinke en jimme buorman Gerard

  • 16 Juli 2008 - 09:56

    Ate Feike:

    leave Jan,

    Ik bin bly dat ik mei dy de generaler trochmakke ha en ik tink indee dast dr klear foar bist om op eigen fuotten te stean. De fotos jouwe my een waarm gefoel en fertrouwen. Hald us op e hichte!

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Jan

Foar in hiele wike nei Skylge ta. In goede reden om dit mei myn freonen te dielen.

Actief sinds 08 Juli 2008
Verslag gelezen: 1427
Totaal aantal bezoekers 14261

Voorgaande reizen:

17 Juli 2008 - 26 Juli 2008

Mijn eerste reis

Landen bezocht: