Wer bliuwt de tiid? - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Jan Stenekes - WaarBenJij.nu Wer bliuwt de tiid? - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Jan Stenekes - WaarBenJij.nu

Wer bliuwt de tiid?

Door: Jan de wrotter

Blijf op de hoogte en volg Jan

24 Juli 2008 | Nederland, Amsterdam

Ja ja ja, ik wit it. Ik ha fiersten te lang neat fan my heare litten. Ik hear it jim tinken: Jan lit de boel wer sloere, hy lit eltsenien hjir oan syn lot oer, hy fersaakt tot en met.
Mar ik sil it tsjindiel bewise. Ik ha it de ofrune dagen sa drok han mei wurkjen. En net samar wurkje.... Neeeen, KEIHURD BULLICHJE, wrotte tot je der by del donderje, switte tot der in kilo salt under je leit. No wit ik dat elsenien die ticht by my stiet, net oars fan my went is. Mar fan de minsken dy't my wat minder kinne hear ik wolris dat sy in hiel oar byld fan my ha. In byld fan in wat, tsjin it luie oan, relaxte jonge. Ien dy't op en top fan syn frye dagen geniet. Beste minsken:"It tsjindiel is wier!". Dit stikje wurd skreaun yn it skoft fan myn drokke fekansje baan! Moarn is myn ienigste frye dei op it eilan. Moarn is ek de dei dat we wer nei hus ta gean. En wy gean nei hus mei in folle beurs. Rekkenje mar ut 120 oeren X 4,00 euro= 480 euro. HOPSKAKEEEE! Rekkenje der allinich nog de boat kosten of (3X40,00 euro) en de kosten fan it fekansje huske (7X50,00 euro) en der bliuwt in ferotte soat oer fan myn fekansje wurk.

No wol jim grif ek wol witte wat foar wurk dat ik dan dien ha. Ik ha wurke by de bakker. En net de 'echte' as de 'warme'. Nee hjir op Skylge sit in 'HIETE" bakker. Dit is in hiel bekinde bakker op Skylge. Net om't er fan dy heerlike boale bakt, mar mear om't er sa hiet fan himsels is. Hy hat de measte froulju fan Skylge wolris by him op de koffie han. Hy is de angst fan else man op Skylge, hy schiet sneller dan zijn schaduw, en hy lustert nei de namme...... just: Samme!

Genoch oer it wurk. Want der is fansels mear as wurk. Wat dan?? BIER!!! Ja echt wol. Else jun bin wy te supen west. En wy is dan Anne en ik. Der mut fansels ek minsken op de bern passe! Wy ha alle kroegen hjir ofrun, fan de Skotse (foar Anne sunder die S der foar) tot de Braskoer. Fan in bunker party tot de Oka 18. Die 18 yn Oka 18 Hjout trouwens ek oan wat foar publiek hjir yn de Skylger kroegen komt. Wy ha nog net ien fyne kinnen yn de kroegen hjir dy't alder wie as 18. It is hjir de omkearde wrald. Bin je hjir alder as 18 dan hear je der net mear by. Dan bin je te ald om feest te fieren. Nee as je hjir 14 binne, dan bin je 'HOT'. Dan wolle alle froulju wol mei dy nei de tinte. Fanof je 15e begjinne je hjir of te takeljen. Dan kin je net mear safolle bier nei binnen ta hjitte as de jierren der foar. Dus myn tip oan de jeugd op it feste lan:" Gean net nei jim tsiende ferjierdei net Skylge. Pak jim earste bierke op jim 4e jier, en nim der dan safolle tot jim tinke....."Best lekker sa'n bierke"! Kom op minsken, set de bern oan it supen. Werom tinke jim dat wy Marije en Jorrit mei nommen ha!!

Harses der by!!!

Leafs fan Skylge

  • 24 Juli 2008 - 21:06

    Gerard:

    Beste bek-pekkers. Wat in ferhaal!!hie wol in oere nedig om dit allegear te leazen. Mar idd,ik sjoch wierheiden op dit stik. Dat fan it bier drinken bijvoorbeeld. Ik kin der ik al jierren net mear oer. En dit is al fanof dat ik in liter bessen op ha sopen by jan op de souder. Kotse wie it antwurd. No,wat sil jim bly weaze om hjir straks wer te weazen. Vet later en ik soe sisse...silence...i kill you!!heu

  • 25 Juli 2008 - 11:33

    Sjoerd:

    Dat fan dy souder, dat wiene nochris tiden Gerie!

    Jan, ik ha de thussoarch al belle en ek 'tafeltje dek je' stiet fanôf hjoed 2 wiken foar jimme klear!
    Sterkte mei it herstel en oant gau.

    Groetnis, Sjoerd.

    p.s. Fakânsjes kinne miskien mar better ôfskaft wurde, it herstel nei ôfrin nimt alle jierren mear tiid.

  • 25 Juli 2008 - 18:46

    Hennie Annema:

    Ik moat wat kwyt, Oka 18 wie yn myn tiid ( en dat is al efkes lyn ) foar 18 jier en âlder en yn dizze kroech koene je doe de tiid de jonges noch foar de gek hâlde. Ik begryp dat dit der hjoed de dei net mear by is. Wit ik ek wêrom ik nea mear op Skylge kom mar de lêste jierren altyd nei Flielân gean. Ik pas my oan oan myn leeftiid.
    Hawar, ik sil dy de details besparje

  • 30 Juli 2008 - 18:57

    Hennie:

    no haw ik dy net allinne op skylge spot mar neffens my wiest ek op de PC yn Frentsjer.
    Ik ferwachtse noch in ferslach op dizze site

  • 15 Februari 2010 - 12:26

    Blue Flim:

    Blue film

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Jan

Foar in hiele wike nei Skylge ta. In goede reden om dit mei myn freonen te dielen.

Actief sinds 08 Juli 2008
Verslag gelezen: 1564
Totaal aantal bezoekers 14260

Voorgaande reizen:

17 Juli 2008 - 26 Juli 2008

Mijn eerste reis

Landen bezocht: