Je moet niet iemand dood maken met in blije mus! - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Jan Stenekes - WaarBenJij.nu Je moet niet iemand dood maken met in blije mus! - Reisverslag uit Amsterdam, Nederland van Jan Stenekes - WaarBenJij.nu

Je moet niet iemand dood maken met in blije mus!

Door: Marije

Blijf op de hoogte en volg Jan

16 Juli 2008 | Nederland, Amsterdam

Heit en Mem bin even fuort, foar my de kâns om ek in stikje te skriuwen oer ús 'wereldreis'(ke).

Ik wol elsenien witte litte dat ik net hielendal efter de ferhalen fan myn heit stean. Sterker nog: ik wol neat mei de rare kronkels yn myn heit syn holle te meitsjen ha.
Hy wie degene die dit as in grutte ûndernimming seach. Hy fynt it hiel wat om in wike lang yn in húske op Skylge te sitten mei in Suske en Wiske yn syn hannen, want op fekânsje moat je wol in goed boek lêze fansels. Om't myn heit nog nea bûten de Frieske grins west hat, wurde wy dupeare mei syn grutste ûndernimming ooit. Beste heit:"In keutel der útdrukke is nog in gruttere ûndernimming!"
Mar ja, dit reiske wurd my oanboden dus ik mei net kleie (en dat is dan wol wer ien fan myn favo hobby's), it sprekwurd seit net foar neat: je mag een gegeven paard niet in de bek schijten.
In oar sprekwurd seit: De appel valt niet ver van de boom. No tink ik dat myn heit yn dit geval de appel wie en dat hy inderdaad net fier fan de beam fallen is. Ik tink sels dat er sa ticht by de beam fallen is, dat hy mei de holle op ien fan de woartels fallen is en dat derby dusdanige skea binnen yn syn appeltsje feroarsake is wêrtroch it tinkfermogen fan heitie ûngefear op it nifo fan in deade visstick sit.

Neffens my hear ik myn heit en mem no wer thús kommen, dus ik moat gau myn labtop wer ûnder myn bêd skowe.
Welte en ik hoop fannewike nog stiekem in update te pleatsen!

Groetjes Marije!

P.s. Foar de rest is heit net sa'n minne fint hear, Allinich is it wolris wat dreech foar us mem liket my!

  • 18 Juli 2008 - 13:14

    Ivo:

    he marije moast mar goed op dyn earme heit passe tegeare mei dyn mem hy komt war fremd oer mar is noch net sa min

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Jan

Foar in hiele wike nei Skylge ta. In goede reden om dit mei myn freonen te dielen.

Actief sinds 08 Juli 2008
Verslag gelezen: 707
Totaal aantal bezoekers 14267

Voorgaande reizen:

17 Juli 2008 - 26 Juli 2008

Mijn eerste reis

Landen bezocht: